Struktureel tekoart Dongeradiel

25 maaie 2006 - 13:38

De gemeente Dongeradiel oerwaget om it oandiel yn it enerzjybedriuw Eneco te ferkeapjen. De finansjele tekoarten binne yntusken sa grut, dat de gemeente alle taken en eigendommen ta diskusje sette wol.

Woansdei waard de maitydsnota presintearre en dêryn docht bliken dat Dongeradiel de kommende jierren in tekoart fan 1 miljoen euro it jier hat. De lêste jierren hat de gemeente ek al twa miljoen it jier besunige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)