Wen-wurkfoarm handikapten Dokkum

© Omrop Fryslân
Dokkum krijt in wen-wurkfoarm foar handikapten. Basisskoalle De Twine oan de Rûnwei, better bekend ûnder de âlde namme Beatrixskoalle, wurdt dêr takom jier foar ferboud. Dêr komme apparteminten dêr't de lichaamlik en ferstanlik handikapten wenje kinne. Se kinne ek wurkje yn it kompleks.
De organisaasje is yn hannen fan de JP van den Bent-stichting, ferlykber mei Talant. Wethâlder Appelhof is bliid mei it beslút.