Provinsje knapt fytsrûtes op

25 maaie 2006 - 12:54
Foto: Omrop Fryslân

Sân fytsrûtes yn Smellingerlân, Snits Dongeradiel, Menameradiel,Wûnseradiel Eaststellingwerf en Kollumerlân wurde opknapt mei jild fan de provinsje. DS hawwe de takenning dien yn it ramt fan it Provinsjaal Ferfiers- en Ferkearsplan 2006.

Doel is it wen-wurkferkear foar fytsers en de rûtes nei bushalte of treinstasjon te ferbetterjen. Sa is der ferljochting, asfaltearring of in oare ynrjochting fan in wei of krusing.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)