Utslach referindum live by omrop

© Omrop Fryslân
Op woansdei 24 maaie is der by Omrop Fryslân in soad omtinken foar it referindum oer de nijbou fan it Frysk Museum op it Saailân. Om 21.00 oere wurde de opkomstsifers live bekend makke op radio en televyzje. Oanslutend komt Brekking út it Ljouwerter stedhûs wei.
Omrop Fryslân bringt fansels ek de útslach fan it referindum sadree't dy bekend is. Sa't it no liket komt dy útslach tusken 22.00 en 23.00 oere.