EK ûnder 21 begjint woansdei

© Omrop Fryslân
It Nederlânsk alvetal mei spilers ûnder 21 jier komt woansdei foar it earst yn aksje op it Europeesk Kampioenskip yn Portugal. Spits Klaas Jan Huntelaar spilet ek mei. De ploech spilet woansdeitejûn tsjin Oekraïne.
Oare tsjinstanners yn de earste ronde binne Itaalje en Denemarken. Nederlân stiet ûnder lieding fan âld-Hearrenfean-trener Foppe de Haan. It is syn twadde grutte toernoai as bûnscoach fan Jong Oranje.