It giet goed mei Vitens

24 maaie 2006 - 16:29

It giet goed mei wetterbedriuw Vitens. It totale tal klanten is wer wat tanommen nei hast 165.000 en dy ha mei inoar justjes minder wetter ôfnommen.

Vitens hat mei har wetterlaboratoarium in wichtige festiging yn Ljouwert en is ferantwurdlik foar de wetterfoarsjenning yn Fryslân. It bedriuw hat oer 2005 40,7 miljoen euro fertsjinne en dat is mear as de 36,5 miljoen euro fan ferline jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)