Kuierders begjinne yn de rein

© Omrop Fryslân
De dielnimmers oan de Alvestêdekuier- tocht binne tiisdei begûn oan it earste trajekt fan Ljouwert nei Sleat. Dat is in ôfstân fan sawat fyftich kilometer. De tocht begûn wiet en mei in hurde wyn. As it waar net opknapt, liket it in swiere tocht te wurden.
De Alvestêdekuiertocht wurdt foar de sechtichste kear hâlden. Der docht in rekordtal minsken mei: mear as tûzen. Sneon dogge der noch sawat 1400 ekstra minsken mei oan de tocht fan ien dei.