'Danceleafhawwers tsjin stimme'

24 maaie 2006 - 14:46

Leafhawwers fan dance wurde op ynternet oproppen om tsjin de plannen foar it Frysk Museum op it Saailân te stimmen. De oprop komt fan in 31-jierrige ynwenster fan Ljouwert.

Sy wol it Saailân beskikber hâlde foar grutte dancefeesten, lykas de Dancetour. Dy wurdt yn july foar de twadde kear hâlden op it plein. As de ferhuzing fan it Frysk Museum trochgiet, wurdt it plein dêr te lyts foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)