Bysûndere fisk oanspield

© Omrop Fryslân
De walfiskachtige deade fisk by peal 8 op it strân fan Skiermûntseach is nei alle gedachten in grjint. It bist is fjouwer meter lang en spielde tiisdei oan. Dolfynachtigen spiele wol faker oan op de waadeilannen, mar dat in walfisk oan de grûn rint is unyk.
De gemeente sil besjen wat der mei de fisk gebeure moat. Sieger Hellinga fan de Balgexpres hat de deade fisk fûn doe't er ûnderweis wie mei in groep skoalbern.