Achtkarspelen docht it net goed

24 maaie 2006 - 12:58
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Achtkarspelen stiet der finansjeel net goed foar. Dat docht bliken út de perspektyfnota. Der is hast 3 ton beskikber, mar de lêsten bedrage seis ton. Dy útjeftes wurde trochskood nei de perioade 2007-2010.

De gemeenteried moat dêr yn septimber oer beslisse. De seis ton komt noch boppe-op de lêsten dy't al foarsjoen binne foar de kommende perioade. De perspektyfnota 2006 wurdt 8 juny behannele yn de ried.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)