Wjirme-reaktor yn Wolvegea

© Omrop Fryslân
Der komt in wjirme-reaktor by de suveringsynstallaasje fan Wolvegea. It is in proef mei wjirmen dy't 450 ton suversingsslib ôfbrekke moat. Suveringsslib is it restprodukt fan de suveringsynstallaasje.
It is goedkeaper om dit troch wjirmen ôfbrekke te litten. It wetterskip betellet foar it eksperimint goed trije euroton, mar de helte dêrfan is provinsjale subsydzje.