Foppe de Haan wiist Vitesse ôf

24 maaie 2006 - 11:40

Foppe de Haan hat in oanbod fan Vitesse om takom seizoen haadtrainer te wurden, ôfwiisd. Dat sei De Haan op in trainingskamp fan Jong Oranje dat him tariedt op it EK.

Foppe de Haan hat goed oer it oanbod neitocht, mar wol it kontrakt dat hy oant 2008 hat by it KNVB úttsjinje. Fan 2008 krijt De Haan mooglik in advisearjende rol by SC Heerenveen, de club dêr't der jierrenlang haadtrainer west hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)