Autokross Wolsum giet net troch
De autokross fan Wolsum sil op Himelfeartsdei net trochgean. Dat hat de organisaasje bekend makke.
Neffens de Friese Autocross Club, it FAC, is it terrein troch it reinwetter fan de lêste dagen te wiet wurden. Omdat ek de waarsferwachtingen fan de kommende dagen net in soad hoop jouwe, hat de organisaasje de wedtriid foar kommende tongersdei skrast.