Eksekúsje-aksje yn NE-Fryslân

24 maaie 2006 - 10:24
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tiisdei yn Noardeast-Fryslân in saneamde eksekúsje-aksje holden. Dêrby binne yn ferskate plakken yn totaal seis persoanen oanholden dy't noch in finzenisstraf útsitte moatte.

Ek binne tsien persoanen opsocht dy't noch in efterstallige boete betelje moasten. Mei inoar waard der 3000 euro ophelle.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)