Ljouwerters oppakt foar ynbraak

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn april fjouwer minsken út Ljouwert oanholden. Se wurde fertocht fan ynbraken yn sportkompleksen en in skoalle. Dat hat de plysje woansdeitemoarn bekend makke. It giet om manlju tusken de 20 en 23 jier.
By de ynbraken binne in tal kompjûters en byldskermen stellen. Fan de bút is oant no ta neat werom fûn. De fertochten binne yntusken wer frijlitten.