Gjin nij ûndersyk moard Vaatstra

24 maaie 2006 - 00:00

Nei de moard op Marianne Vaatstra komt gjin nij ûndersyk. Dat hat minister Donner fan Justysje woansdei skreaun oan keamerlid Hilbrand Nawijn. Neffens Nawijn hat justysje saken oer de holle sjoen. Hy wegeret om syn ynformaasje oan justysje te jaan.

Donner seit dat er dêrtroch net goed beoardielje kin oft der nije feiten binne. De 16-jierrige Marianne Vaatstra is sân jier ferlyn by De Westerein ferkrêfte en fermoarde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)