Grinzer wint skriuwwedstryd

23 maaie 2006 - 14:02

De Grinzer Jurre van den Berg is moandei de earste winner wurden fan de Fryske Write Now!-wedstryd. Yn totaal 76 minsken diene mei oan de spesjale skriuwwedstryd foar de jongerein.

Neist ferhalen koene ek toniel- en filmteksten, kolumns en rapteksten ynlevere wurde. Yn Fryslân wiene benammen de gedichten fan heech nivo. Van den Berg wûn dan ek mei in gedicht. De finale fynt op 17 juny plak yn Rotterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)