Woansdei oanbesteging busferfier

23 maaie 2006 - 11:48

De provinsje sil woansdeitemoarn bekendmeitsje hokker bedriuw de kommende jierren it iepenbier ferfier fersoargje mei yn noard- en súdwest- Fryslân. Oan de oanbesteging dogge de bedriuwen Arriva en Connexxion mei.

It ôfrûne wykein waard bekend dat troch in flater by de provinsje beide bedriuwen op de hichte fan elkoars bot. Connexxion driget de provinsje foar de rjochter te bringen at Arriva de oanbesteging wint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)