'Alvestêdetocht wurdt dreech'

© Omrop Fryslân
De sechtichste edysje fan de Fryske Alvestêdekuiertocht sil behoarlik dreech wêze. Dat ferwachtet foarsitter Piet Wassenaar fan de tocht.
De fiif dagen lange kuiertocht set tiisdei yn Ljouwert útein en dêr wie moandei ek de offisjele ynskriuwing, yn de Harmonie. Dat it in drege tocht liket te wurden foar de 1400 rinners, hat neffens foarsitter Wassenaar alles te krijen mei it waar. Der wurdt in soad rein ferwachte.