Grutte winst foar Nuon

© Omrop Fryslân
Enerzjybedriuw Nuon hat yn de earste trije moanne fan dit jier in winst behelle fan dik 200 miljoen euro. Dat is 37 persint mear as yn deselde perioade ferline jier.
Nuon profitearde foaral fan it kâlde begjin fan 2006. Dêrtroch waard der mear gas ferkocht. Mar ek de ynkomsten út elektrisiteit gongen omheech. Dat komt foaral troch de hegere priis fan grûnstoffen. Oer hiel 2005 hat Nuon in winst makke fan ien miljard euro.