Bentex-sjefs net akkoart

23 maaie 2006 - 09:54

De filiaalsjefs fan de Bentex, dy't ferline wike dien krigen, akseptearre harren ûntslach net. Trettjin fan de 43 filiaalhâlders moatte der neffens de direksje út, om't it noch hieltyd min giet mei it kleanwinkelkonsern.

Ek de fakbûnen ha beswier, want foaral minsken dy't aktyf wiene yn ûnder mear de ûndernimmingsried fleane derút. Neffens in wurdfierder fan de Bentex is it tafal dat krekt dizze sjefs ûntslein wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)