Twa ferwûnen by ûngelok

22 maaie 2006 - 18:17

By in ûngelok op de Spannumerdyk yn Winsum binne snein twa minsken ferwûne rekke. It giet om in 71-jierrige man en in 69-jierrige frou, beide fan de Jouwer. It stel ried mei de auto yn de rjochting fan Spannum en rekke by it nimmen fan in bocht op de ferkearde helte fan de dyk.

De Jouster automobilist skrok en botste tsjin in beam. De brânwacht moast der oan te pas komme om de beide ynsittenden út de auto te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)