Kontroleurs socht foar fiskers

22 maaie 2006 - 18:16

De angelsportfederaasje Fryslân giet op syk nei minsken om as bysûnder opspoaringsamtner beropsfiskers te kontrolearjen. Der wurde organisaasjes benadere dy't al yn de natoer wurkje, lykas natoerbehearders en de AID.

Beropsfiskers meie no foar eltse bunder fiskwetter dy't se ha legaal ien kilo snoekbears as byfangst hâlde. Dêrfoar krije se in fergunning fan de angelsportfederaasje, mar dy wol de saak wol goed kontrolearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)