Undersyk nei Trip Advocaten

© Omrop Fryslân
Advokatedeken Cnossen fan it arrondissemint Ljouwert begjint in ûndersyk nei ien of mear meiwurkers fan Trip Advocaten. De rjochter hat de oankeap fan in pân yn Ljouwert troch Trip ûnwettich ferklearre, omdat der op it gebou beslach lei.
Wetlik is it ferbean foar advokaten, notarissen en rjochters om guod te keapjen dêr't in rjochtsaak oer rint, yn it arrondissemint dêr't se wurkje.