Friesland Bank nimt bedriuw oer

22 maaie 2006 - 16:00
Foto: Omrop Fryslân

De Friesland Bank nimt in mearderheidsbelang yn it bedriuw King Nuts & Raaphorst. Dit bedriuw út Bodegraven is in ynternasjonale hannelsûndernimming yn nuten en rysprodukten.

Yn Nederlân is King Nuts & Raaphorst merklieder op it mêd fan ryscrackers. Troch in mearderheidsbelang fan de Friesland Bank hopet de gruthanneler fierder groeie kinne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)