Goed jier foar Univé

© Omrop Fryslân
Fersekerder Univé Friesland hat yn 2005 goed buorke. Univé helle ferline jier yn Fryslân in winst fan 2,2 miljoen. Dat is in taname fan 28 persint yn fergelyking mei 2004.
De goeie sifers ha te krijen mei de tanimmende ferkeap fan it tal brân- en autofersekerings. De fersekerder ferwachtet dat de goede resultaten dit jier trochsette sille.