Sprekoere op ôfstân

© Omrop Fryslân
Thússoarchorganisaasje Het Friese Land set tiisdei op Skiermûntseach út ein mei in sprekoere op ôfstân. It sprekoere is bedoeld foar minsken dy't begelieding of advys winskje fan in diëtiste.
De fraach op it eilân is te lyts om in diëtiste fan de fêste wâl oerkomme te litten. Dêrom is der foar keazen in fideoferbining oan te lizzen. De diëtiste kin sa de helte fan de konsulten ôfhannelje.