Soargen by Friesland de Colombia

© Omrop Fryslân
Suvelbedriuw Friesland de Colombia hat grutte finansjele problemen. De oandielhâlders ha it fallisemint oanfrege. Neffens in Colombiaanske krante hat it bedriuw in ferlies fan 1,6 miljoen euro.
De ekonomyske krisis yn Colombia en de ymport fan molkepoeier binne de oarsaak fan de finansjele problemen. Friesland de Colombia is oprjochte yn 1996 en is in dochterûndernimming fan suvelkonsern Friesland Foods.