Frysk Ljeppersboun 50 jier

© Omrop Fryslân
It Frysk Ljeppersboun bestiet dit jier 50 jier. Mei in boek, in eksposysje, in spesjaal liet en ferskate aktiviteiten wurdt dit fierd. Sneon waard yn it klompemuseum fan Scherjon yn Noardburgum it startskot jûn foar alle feestlikheden.
Piter Wilkens song syn liet, Klaas Jansma fertelde oer syn boek en deputearre Andriesen en boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel iepenen de eksposysje.