GrienLinks wol útlis fan Baas

© Omrop Fryslân
De Steatefraksje fan GrienLinks wol dat deputearre Baas sa gau as mooglik útlis jout oer de oanbestegings yn it iepenbier ferfier. Dit wykein waard yn de media sein dat de offertes fan de beide konkurrearjende bedriuwen, Arriva en Connexxion, oan inoar tastjoerd wêze soene.
Deputearre Baas ûntkent dat dit bard is. GrienLinks wol no in byienkomst om fragen te stellen oan it provinsjaal bestjoer.