Fernieler jout himsels oan
In 45-jierrige man út Wolvegea hat himsels by it plysjeburo melden, omdat er ferskate saken fernield hie. De man hie by in wenning oan de Hobbemastrjitte trije ruten ynsmiten mei in pear blompotten.
Fierder hie de man ek noch in dûk skopt yn in auto dy't parkeard stie oan de Strúkheide. De man hie te folle drank op. Alle dupearren ha oanjefte dien.