Jonkje (9) falt fan wein

22 maaie 2006 - 09:59

In 9-jierrich jonkje is sneontemiddei ferwûne rekke by it opheljen fan âld papier. De jonge siet mei noch trije oaren yn in wein achter in trekker. De trekker ried fuort en doe foel de jonge fan de wein.

It slachtoffer hie in harsenskodding en is mei de ambulânse nei sikehûs de Tjongerskâns op It Hearrenfean oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)