Ferwûne by brân It Hearrenfean

22 maaie 2006 - 09:18

By in wenningbrân oan de Lark op It Hearrenfean is sneontemiddei in frou fan 34 jier ferwûne rekke. It slachtoffer is troch de brânwacht út har hûs helle. Dêrnei is se nei it sikehûs tabrocht.

De brânwacht makke it fjoer út, mar koe net foarkomme dat it wenhûs flinke skea oprûn. Ek de gebouwen der omhinne ha reek- en wetterskea. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)