Partoer Dronryp wint yn Boalsert

21 maaie 2006 - 15:55

De earste ôfdielingswedstriid fan it seizoen yn Boalsert waard sneon wûn troch Dronryp. It partoer fan Ilse Arendz, Imke van der Leest en Karina Frijling wûn yn in spannende finale mei 5-5 en 6-2 fan it partoer Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken fan Ie.

De tredde priis wie foar Ljouwert mei Marie Heida, Jantine Dijkstra en Bianca van der Veen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)