Botsing by Akkrum troch min waar

21 maaie 2006 - 15:11

Min waar hat de oarsaak west fan in kop-sturt-botsing sneontemoarn op de A32 by Akkrum. In frou fan 23 jier út Grou rekke dêrby ferwûne. De frou ried mei har auto op de A32 en waard ynhelle troch in oare bestjoerder.

Troch min sicht kaam hy te ticht by de auto fan de frou. In botsing wie it gefolch. In oare autobestjoerder koe net mear remje en ried by de oare auto's op. De frou is mei de ambulanse nei it sikehûs yn It Hearrenfean gong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)