Iensidich ûngelok yn Noardburgum

21 maaie 2006 - 14:01

By in iensidich ûngelok op de Alde Kommisjewei yn Noardburgum is sneintemoarn in frou ferwûne rekke. It giet om in 27-jierrige frou út Burgum. De frou is troch noch ûnbekende oarsaak mei har auto tsjin beam oanriden.

De brânwacht hat de auto iepenmakke. De frou is mei in seare nekke nei it sikehûs brocht. In teakeltsjinst hat de auto fuortsleept.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)