Minder dielnimmers Statetocht

© Omrop Fryslân
De reinbuien en hurde wyn ha der sneon foar soarge dat der folle minder dielnimmers wiene by de Statetocht yn de Trynwâlden. De kuiertocht waard foar de fjirde kear holden. Der diene sawat 500 minsken mei.
Ferline jier wiene dat noch 950. De start foar de Statetocht wie by Heemstra State yn Oentsjerk. Kuierders koene kieze tusken ferskate ôfstannen, fan 2,5 oant 40 kilometer. De rûtes gongen by states en hearehuzen del.