Ferbining MFC en skoalle Doanjum

21 maaie 2006 - 12:57

De gemeente Frjentsjerteradiel jout 46.000 euro út foar in ferbining tusken it nije multyfunksjoneel sintrum en de skoalle yn Doanjum. De ferbining is nedich om de gearwurking tusken de skoalle en it pjutteboartersplak te ferbetterjen, sa fynt it kolleezje fan B&W.

It besteande ûnderkommen foar de pjutten foldocht net oan de easken foar brânfeilichheid. De gemeenteried moat noch akkoart gean mei de bydrage.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)