Kuierpaad nei strân De Lemmer

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat der dochs in kuierferbining komt tusken it sintrum fan De Lemmer en de strânsône by de Skieppedyk. B&W fan Lemsterlân ha besifere dat der noch jild foar is. De rest fan de plannen by it strân binne goedkeaper útfallen as tocht.
Mei inoar is der 420.000 euro nedich foar de kuierferbining. De gemeente hopet op subsydzje fan de noardlike provinsjes. As de ried akkoart giet, wurdt it paad foar 1 oktober oanlein.