Ekstra gearkomste FNP Menaam

21 maaie 2006 - 12:34

De FNP Menameradiel hâldt moandeitejûn in ekstra ledegearkomste om te praten oer de krisis yn de kolleezje-ûnderhannelings yn dy gemeente.

Fraksjefoarsitter Siegersma fan de FNP hat mei de FNP ôfpraat dat hy tiisdei fraksjefoarsitter Marja van der Meer op de hichte stelt fan de útkomsten. Oant dy tiid wurdt noch net mei oare partijen praat oer in nij kolleezje. Siegersma is bot fernuvere oer it kearen fan Hans Flaman as wethâlder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)