Dei foar handikapten yn Wolvegea

© Omrop Fryslân
Fiif jongeren út de Stellingwerven ha sneon in gesellige dei organisearre foar minsken mei in ferstanlike of lichaamlike beheining. Der wurdt net faak wat foar har organisearre, dêrom woene de jongeren wat spesjaals dwaan.
Dêrmei wolle se ek sjen litte dat it net allinnich mar negatyf is wat jongeren dogge. De handikapten waarden sneon yn Wolvegea fermakke mei Amerikaanske auto's, trikes, brânwachtauto's en muzyk.