'Gjin flater provinsje by OV'

21 maaie 2006 - 12:18

De provinsje hat gjin flater makke by de oanbesteging fan it iepenbier ferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân. As der ynformaasje fan Arriva by Connexxion bedarre is en oarsom, dan komt dy ynformaasje net by de provinsje wei, seit deputeearre Baas.

Hy reagearret dêrmei op berjochten dat de offertes fan de beide konkurrinten oan inoar tastjoerd wêze soene. Baas seit dat hy de saak trije kear kontrolearje litten hat troch juristen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)