Museumhaven Ljouwert leit fol

© Omrop Fryslân
De Museumhaven yn Ljouwert leit sûnt dit wykein wer fol mei trettjin histoaryske boaten. Under oanfiering fan de Stânfries fearen de skippen fia de Kanaalwei en de Emmakade de stêd yn. It giet ûnder oare om klippers, tsjalken en sleepboatsjes.
Der is in soad belangstelling fan skippers om yn de Museumhaven te lizzen. Der is sels in wachtlist. Sa liket de Museumhaven dochs in sukses te wurden.