Partoer Minnesma wint Wytgaard

21 maaie 2006 - 11:57
Foto: Omrop Fryslân

It partoer Simon Minnesma, André Kuipers en Folkert van der Wei hat sneon de útnoegingspartij foar haadklassers yn Wytgaard en Wurdum wûn. Se wûnen yn in spannende finale mei 5-3 en 6-6 fan it partoer Johannes Dijkstra, Jan Willem van Beem en Chris Wassenaar.

De lytse preemje wie foar it partoer Johan Abma, Bauke van der Graaf en Daniël Iseger.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)