Minder fytsers Alvemarretocht

20 maaie 2006 - 16:30

Troch it minne waar sneon hat de Alvemarrefytstocht hast de helte minder dielnimmers lutsen as oars. De tocht, oer 50, 100 of 150 kilometer, mei start en finish yn Snits is in bytsje de opwaarmer foar de Alvestêdefytstocht op Pinkstermoandei.

Yn trochsneed komme der altyd sa'n 2000 fytsers ôf op de earste dei fan de tocht. Dit jier binne it der likernôch 1000. In soad minsken wolle om it waar snein de tocht fytse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)