PvdA wol of net mei FNP?

20 maaie 2006 - 14:38

De PvdA yn Menameradiel wol sneon fan de FNP hearre oft it noch doel hat om mei-inoar in nij kolleezje te foarmjen. Op in ledegearkomste is freed ferbjustere reagearre op it ôfwizen fan Hans Flaman as wethâlder foar de PvdA troch twa riedsleden fan de be-eage koalysjegenoat FNP.

De PvdA-fraksje hat fan de leden de frijheid krige om alle mooglikheden foar in nij kolleezje te ûndersykjen. Dat kin eventueel ek sûnder de FNP.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)