Kop-sturt-botsing yn Ljouwert

20 maaie 2006 - 14:17

Op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert is freed in automobiliste ferwûne rekke by in kop-sturt-botsing. Dêrby wiene fjouwer auto's belutsen. De frou dy't ferwûne rekke, siet yn de tredde auto.

Doe't se net mear remje koe en op de foargonger botste, koe de achter har ridende auto ek net op 'e tiid stilhâlde. It slachtoffer is mei klachten oan it boarst nei it sikehûs yn Ljouwert oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)