Bedriuwsûngefal Seisbierrum

20 maaie 2006 - 14:08
Foto: Omrop Fryslân

De Arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei in bedriuwsûngefal, freed yn Seisbierrum. Dat barde by in bedriuw oan de Waltaleane. Dêr foel in frou (leeftyd noch net bekend) fan in fêste trep achteroer op in betonnen flier.

Se rekke dêrby ferwûne. De frou is oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. Se wurket by it bedriuw dêr't it ûngelok barde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)