Iepen dei Fûgelhelling Oerterp
Jild is en bliuwt in probleem foar de Fûgelhelling yn Oerterp. Dat sei behearster Hetty Sinnema sneon by de iepen dei fan de fûgelopfang. Der wurde alle jierren 2500 fûgels opfongen en sneon kin de nijbou foar it earst besjoen wurde.
De útwreiding koe betelle wurde mei de help fan sponsors. De iepen dei is bedoeld om minsken sjen te litten wat der krekt bart yn de opfang.