Oanriding yn Drachten

20 maaie 2006 - 13:51

Twa automobilisten binne sneon ferwûne rekke by in komplisearre oanriding yn Drachten. Dêrby wiene twa auto's en in frachtauto belutsen. It ûngelok wie op de krusing De Hemmen/De Bolder.

De frachtweinsjauffeur (19) út Burdaard kaam mei de skrik frij. Ien fan de autobestjoerders moast troch de brânwacht út de auto befrijd wurde. De oare man koe op eigen krêft út de auto komme. De twa slachtoffers binne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)